Man driget mei fjoerwapen

24 aug 2011 - 11:39

In Ljouwerter (17) is tiisdeitejûn troch in man (31) bedrige mei in fjoerwapen. De jonge woe oan de Holwortel pieren stekke. Doe't er lâns it hûs fan de 31-jierrige man rûn, rôp dizze dat hy him deasjitte soe.

De jonge hearde in lûd dat like op it laden fan in fjoerwapen en warskôge de plysje. Dy fûn in fjoerwapen mei munysje, in kapmes en in mes yn it hûs fan de man. De wapens binne yn beslach naam, de man sit fêst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)