Man driget famke mei mes

31 aug 2013 - 10:26
  • Plysje-embleem

In 48-jierrige man út de gemeente Dongeradiel is freedtenacht oanhâlden omdat hy in famke fan 17 út Dokkum mei in mes bedrige hat. Ek sloech hy driigjende taal tsjin it famke út. De man is oanhâlden op it momint dat hy út in kafee op de Hoogstraat yn Dokkum kaam. Hy hie it mes by him. It famke docht oanjefte, de man wurdt heard troch de plysje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)