Man diskriminearret plysje

20 jan 2011 - 10:51

In 42-jierrige ynwenner fan Wolvegea is woansdei oanholden foar diskriminaasje fan in plysjeman. De plysje seach dat de autobestjoerder net handsfree oan it beljen wie en joech him in stopteken. Doe't er mei de plysje yn petear wie, joech de fertochte oan net bliid te wêzen mei de oankundige boete.

Hy luts syn rydbewiis út de hannen fan de plysjeman en makke in diskriminearjende opmerking oer syn hûdskleur.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)