Man delstutsen yn Mûnein

16 okt 2011 - 16:44

De plysje is op syk nei tsjûgen fan in stekynsident bûten in kroech yn Mûnein. In 31-jierrige ynwenner fan De Gordyk waard sneintemoarn bûten de kroech oan de Dokter Kijlstrawei ferskate kearen stutsen. Hy rekke dêrby swierferwûne. Ek syn freondinne dy't der tuskenkaam rûn ferwûnings op.

De dieders naaiden dêrnei út. De plysje hat noch oan it sykjen west yn de omjouwing mar koene net ien oanhâlde. De plysje freget besikers fan de kroech har te melden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)