Man delstutsen op 'e Weaze

20 maaie 2010 - 16:34
  • Foto: Omrop Fryslân

By in stekpartij op De Weaze yn Ljouwert is tongersdeitemiddei om healwei trijen in man fan 27 jier ferwûne rekke. Hy waard mei in mes stutsen troch in man fan 35 jier. De manlju hawwe al langer spul mei-elkoar. Eardere bemiddelings troch de plysje binne op neat útrûn.

It 27-jierrige slachtoffer is oerbrocht nei it sikehûs. Hy is bûten libbensgefaar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)