Man delsketten yn Ljouwert

27 jul 2014 - 09:41
  • Man delsketten yn Ljouwert

By in sjitpartij yn Ljouwert is sneontejûn in 39-jierrige man út de gemeente Súdwest-Fryslân delsketten. De plysje krige tsjin alven in melding oer in rûzje op de Weaze. Alle belutsenen wiene doe al útnaaid. Koarte tiid letter kaam der in melding dat der in man mei in skotwûne it sikehûs yn Ljouwert binnenbrocht wie.

Neffens de plysje wie in groep minsken belutsen by de rûzje. It slachtoffer wie troch in freon nei it sikehûs brocht. Hy is operearre en ferkeart net yn libbensgefaar. Der binne noch gjin fertochten oanholden.

De plysje hat noch gjin idee wat de tadracht fan de sjitterij wie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)