Man dea by ûngelok De Wylgen

28 jun 2006 - 14:59

By in bedriuwsûngefal yn De Wylgen by Drachten is tiisdeitemiddei in 51-jierrige kraanmasinist út Surhústerfean om it libben kaam. It ûngelok barde oan de Broekfinne.

De kraanmasinist kaam fêst te sitten tusken twa ûnderdielen fan de kraan. De man is op it plak sels ferstoarn. De arbeidsynspeksje stelt in ûndersyk yn nei de krekte tadracht fan it ûngelok.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)