Man dea fûn yn pensjon

07 sep 2009 - 16:14
  • De omkommen man wenne yn dit pensjon

De plysje ûndersiket in stjergefal yn pensjon Weltevree yn Minnertsgea. Dêr waard snein in man dea fûn. Omdat net dúdlik is oft de man troch in ûngelokkige fal of oare omstannichheden om it libben kaam is, docht de plysje wiidweidich ûndersyk.

It lichem is oerbrocht nei it Nederlands Forensisch Instituut yn Rijswijk. It pensjon is noch hieltyd ôfset mei plysjelinten. Letter yn 'e middei wurdt útslútsel fan de seksje ferwachte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)