Man byt plysje yn finger

20 jun 2010 - 17:54

In plysje is sneontenacht op 'e Gordyk yn 'e finger biten troch in 29-jierrige man út dat plak. De man woe achter in ambulânse oanride dêr't in maat fan him yn ferfierd waard. Omstanners seine tsjin de plysje dat de man tefolle dronken hie en dy sprutsen de man oan.

Letter pakten se him ek noch by de earmen, wêrnei't de 29-jierrige letterlik fan him ôfbiet. De man is oanhâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)