Man brûkt geweld tsjin plysjes

26 des 2013 - 11:04
  • Plysje arrestaasje/oanhâlding

Yn Ljouwert hat de plysje op earste krystdei in 21-jierrige man oanhâlden foar geweld tsjin twa plysjes. De Ljouwerter hie spul krigen mei in frou. Plysjes woene bemiddelje, mar de man fûn dat mar neat en joech de twa in klap yn it gesicht. De man is oanhâlden. By ûndersyk dy bliken dat hy in grutte partij harddrugs by him hie.

De fertochte sit noch fêst en wurdt op twadde krystdei heard. Beide plysjes hawwe oanjefte dien fan mishanneling.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)