Man brekt nekke by autocross

13 sep 2004 - 11:51

By de autocross sneon yn Menaam is ien fan de dielnimmers libbensgefaarlik ferwûne rekke. De koereur út Wikel rekke mei syn kever it tsjil fan in oare auto en hy sloech ferfolgens trije kear oer de kop.

Hy kaam ta stilstân yn in groppe. It slachtoffer siet beknipe yn syn auto. De brânwacht moast it dak fan de auto ôfknippe sadat de helpferlieners derby koene. De man hat syn nekke brutsen en is oerbrocht nei it AZG yn Grins.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)