Man brekt kaak oerfaller

05 jan 2013 - 11:58

In Ljouwerter (19) dy't sneontemoarn betiid fan syn mobile tillefoan berôve waard, hat syn oerfaller te pakken naam en in brutsen kaak slein. Om 4 oere waard de Ljouwerter op it Frijheidsplein oerfallen troch twa manlju. Doe't de oerfallers fuortrûnen mei syn tillefoan, gie de Ljouwerter der achteroan. Hy wist ien Ljouwerter (30) te pakken te krijen, wêrnei't in fjochtpartij ûntstie.

Sawol it slachtoffer as de oerfaller rekken ferwûne. De ferwûne oerfaller is oanhâlden, de twadde man wist te ûntkommen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)