Man brekt foet op It Amelân

22 apr 2012 - 12:28

Yn Nes op It Amelân hat in man (25) út Grins sneoentenacht syn foet brutsen, doe't er omfoel mei syn fyts. Dat gebeurde doe't syn freondinne achterop springe woe. De ambulânse waard der by helle. De ferpleechkundigen hawwe de man stabiliseard en dêrnei is er mei de rêdingsboat nei de fêste wâl brocht. Dêrwei is er mei in ambulânse nei it sikehûs yn Dokkum ferfierd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)