Man botst mei auto tsjin beam

23 sep 2012 - 17:04

De plysje hat sneontemiddei op de Alde Rykswei by Akkrum in ûngelok ôfhannele wêrby't in 44-jierrige man út Nes-Boarnsterhim ferwûne rekke. De man rekke by it ynheljen yn in slip en kaam doe tsjin in beam telâne. Hy waard mei de ambulânse nei it sikehûs op It Hearrenfean brocht. Nei ûndersyk mocht er it sikehûs wer ferlitte. De auto wie total loss.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)