Man betrape by ynbraak H'fean

11 sep 2006 - 10:09

De plysje hat sneintemoarn in 18- jierrige man oanholden by in ynbraak yn in sportkompleks oan de Dominee Kingwei op It Hearrenfean. Tsjûgen hiene om 06.30 oere glês rinkeljen heard en in man yn it gebou sjoen.

Doe't de plysje oankaam, seagen se de man efter it gebou. Hy ûntkende ynbrutsen te hawwen, mar hie wol de hannen fol bloed. Ek yn it gebou lei bloed. It glês fan de bekerkast wie ynslein. De man is fêstset.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)