Man betrape by stellen motor

19 aug 2006 - 14:10

De plysje hat yn de nacht fan freed op sneon yn Frjentsjer in 27-jierrige man út Wolvegea betrape by it stellen fan it bûtenboardmotor. In tsjûge hie sjoen dat de fertochte in motor fan in boatsje ôfhelle hie en mei in twadde begûn wie.

Nei in sykaksje fûn de plysje de man. Dy hie de stellen motor yn in auto dellein en hie it slot fan de oare al fernield. De man is meinaam nei it buro. De motor is yn beslach naam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)