Man betrape mei himp yn auto

19 mrt 2013 - 11:39

In 31-jierrige man út Nijeberkeap is moandeitejûn op de Noarderdwersfeart yn syn wenplak oanhâlden. By de kontrôle rûkte de plysje in sterke himplucht en dêrom waard de auto neier ûndersocht. Yn de kofferbak waarden seis jiske-amerpûden fûn mei himpstekken en ôffal fan in himpkwekerij.

It guod is yn beslach nommen en de fertochte is ynsletten foar neier ûndersyk om te achterheljen wêr't de himp wei komt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)