Man bestellen fan gsm-telefoan

14 mrt 2009 - 14:07

In 25-jierrige man is yn de nacht nei sneon syn mobile telefoan kwytrekke by in strjitrôf yn Ljouwert. In ûnbekende man twong him om 02.30 hinne fan de fyts te stappen oan de Dammeleane yn de stêd.

De manlju krigen spul. De 25-jierrige man krige klappen en moast syn gsm-telefoan ôfjaan. Dêrnei gie de oerfaller der op 'e fyts fantroch. It slachtoffer hat oanjefte dien by de plysje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)