Man beroofd op Twibaksmerk

27 des 2006 - 10:06

Op de Twibaksmerk yn Ljouwert is op de jûn fan Twadde_Krystdei in man mei geweld beroofd. De 46-jierrige Ljouwerter belle in taksy doe't er fan achteren fêstpakt waard troch twa manlju.

It slachtoffer waard slein. Doe't er op 'e grûn foel, krige de man skoppen en waard syn beurs ôfpakt. In passant kaam de man te help, mar likegoed koene de oerfallers fuortkomme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)