Man bekrast wein

18 jul 2010 - 13:11

In Ljouwerter (36) is sneon oanholden op it Oostergoplein yn syn wenplak om't er in auto fernield hie. De eigner fan de auto seach dat de man mei in stien syn wein bewurke. Hy gong achter de dieder oan en warskôge de plysje. De Ljouwerter fersette him by de oanhâlding. Hy sit op it buro.

In automobiliste (21) út Burgum moast freed har rydbewiis ynleverje. Se ried hast 170 op de Harnzerstrjitwei dêr't 100 tastien is. Se krige proses-ferbaal.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)