Man bekneld by auto-ûngelok

15 feb 2011 - 16:32
  • It plak fan it ûngelok by Surhuzum (foto: Henk Koster, 112-nof.nl)

By in ûngelok op de Uterwei by Surhuzum is tiisdeitemiddei in autobestjoerder (57) út it doarp bekneld rekke. De man remme ôf om linksôf te slaan. In automobilist út Aldeholtpea, dy't achter him ried, seach dat te let wêrtroch in botsing ûntstie.

It slachtoffer is troch de brânwacht út de auto helle en mei ferwûnings oan syn holle nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)