Man bekent spannen tried oer de wei yn Frjentsjer yn 2012

09 maaie 2015 - 13:42
  • De Hertog van Saxenleane yn Frjentsjer

Mei de oanhâlding fan in 24-jierrige Frjentsjerter hat de plysje in swiere mishanneling út 2012 oplost. In 21-jierrige Frjentsjerter rekke yn de nacht fan 22 op 23 septimber 2012 ferwûne, doe't er op de Hertog van Saxenleane mei de scooter tsjin in stielen tried oan ried. De tried wie op in hichte fan 1 meter oer de dyk spand.

Mei tank oan it wynskerm, dat de grutste klap opfong, rekke de man licht ferwûne. De heit fan it slachtoffer stelde in beleanning fan 3000 euro beskikber, mar dat smiet neat op.

Yn april dit jier kaam nije ynformaasje oan it ljocht. De plysje hat trije fertochten heard. Twa fan harren hiene neat mei de saak te krijen, mar de 24-jierrige man hat in bekentenis ôflein. Der is proses-ferbaal tsjin him opmakke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)