Man bekent brânstifting kondins

10 mrt 2005 - 10:38

De 21-jierrige Ljouwerter dy't moandei oanhâlden is by it fabryk fan Friesland Foods yn Ljouwert, hat bekend dat er dêr brân stifte hat. De man wie betize. Hy hie gjin rasjoneel motyf. De man sit noch fêst, moarn wurdt er foarlaat oan de rjochter-kommissaris.

De brân rjochte yn de nacht fan snein op moandei foar miljoenen euro's skea oan by it kondinsfabryk. In grut part fan de blikôfdieling baarnde út. Der rekke nimmen ferwûne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)