Man bekent 28 ynbraken

30 nov 2011 - 10:37

Mei de oanhâlding fan in Snitser (29) hat de plysje 28 ynbraken oplost. De man is begjin novimber oanhâlden nei in ynbraak oan de Gele Lis yn Snits. By de ferhoaren bekende er dat er 27 kear yn Ljouwert en ien kear yn Snits ynbrutsen hat. De rjochter-kommissaris hat bepaald dat de Snitser nei in ynrjochting moat foar saneamde stelselmjittige dieders. Dêr kinne dieders maksimaal twa jier opnommen wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)