Man beflibet en bedriget kondukteur op It Hearrenfean

09 sep 2015 - 11:01
  • Oanhâlding

Twa kondukteurs binne tiisdei op de stasjons op It Hearrenfean en yn Ljouwert misledige en bedrige. Op It Hearrenfean waard in kondukteur misledige en yn it gesicht flibe troch in 20-jierrige man fan It Hearrenfean. De man woe in kaartsje by de kondukteur keapje, mar waard lilk doe't bliken die dat hy dan djoerder út wie.

De kondukteur warskôge de plysje, dy't de Feanster oanhold. Yn Ljouwert waard in kondukteur bedrige troch in 53-jierrige Drachtster, nei't de kondukteur him der op oanspruts dat de man oer it drokke perron fytste.

Ek dizze man is oanhâlden. De plysje siket yn beide gefallen tsjûgen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)