Man bedriget personiel fan wenningstichting mei fytsketting

15 jan 2016 - 08:10

Personiel fan in wenningstichting yn Ljouwert is tongersdeitemiddei mei in fytsketting bedrige troch in man fan 54 jier út Almere. De plysje trof de fertochte oan yn in wenning oan de Lieuwenburg. De man is in bekende fan de plysje. Hy hat faak messen by him en hat earder geweld brûkt tsjin de plysje en plysjes bedrige. Om feilich mei him yn petear te gean, waard de Almeerder earst fûillearre. Dêrby fûn de plysje in skroevedraaier.

Nei't de plysje dy ôfpakt hie, woe de plysje mei de man prate. Hy misledige lykwols de plysjes en bedrige se mei de dea. Dêrop waard er oanhâlden. It personiel fan de wenningstichting moat noch heard wurde oer de bedriging.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)