Man bedriget minsken mei mes

13 maaie 2010 - 14:41

In 21-jierrige man út Assen is woansdeitejûn yn Ljouwert mei in mes bedrige troch in oare man. It giet om in 29-jierrige persoan, dêr't it wenplak net fan bekend is. Wylst de plysje de ferklearring fan de Asser opnaam wie der opnij wat te r6eden yn de Peperstrjitte.

Dêr hie de 29-jierrige man in 31-jierrige man mei it mes ferwûne en de jas fan in oare man iepensnien. Se soene rúzje hân ha om jild.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)