Man bedriget minsken mei dea

30 jul 2014 - 11:34

In 35-jierrige Ljouwerter is tiisdeitejûn op de Troelstrawei yn syn wenplak oanhâlden. De man soe in tal minsken mei de dea bedrige ha by in rûzje. Neffens tsjûgen hie de fertochte ek noch in grutte pûde mei drugs thús lizzen. Dat wie foar de plysje reden om by de man thús te sjen. Der waard sa'n trijehûndert gram himp oantroffen. Dit is yn beslach naam. De plysje sil de Ljouwerter hjir noch oer hearre.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)