Man bedriget koekjeferkeaper

27 nov 2007 - 10:20

De plysje hat moandei yn Minnertsgea in man oanhâlden fanwege bedriging. De fertochte hie in man dy't mei koekjes by him oan de doar kaam, mei in mes bedrige. Buertbewenners dy't de fertochte op syn gedrach oansprutsen, kaam itselde oer. Twa fan har ha oanjefte dien.

De fertochte wie betize. Hy is oanhâlden en fêstset, ûnder oaren foar in medysk ûndersyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)