Man bedriget helpferlieners

26 jun 2011 - 13:03
  • De man 'parkearde' de auto yn in sleat tsjin in pear beammen (foto: Robert-Jan Boonstra)

In autorider (24) út Oentsjerk is sneontenacht oanhâlden troch de plysje omdat er in ambulânsemeiwurker bedrige. De man wie ûnder ynfloed fan drank mei de auto yn 'e sleat riden, neidat er earst twa beammen rekke hie.

Underweis nei it sikehûs bedrige de man in ambulânskemeiwurker en in plysjeman. Omdat de man fysyk net folle mankearde, waard er troch de plysje meinommen nei it plysjeburo. Hjir waard it rydbewiis fan de man ynlutsen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)