Man bedriget eks en plysje

07 mrt 2013 - 14:26

De plysje hat woansdeitemiddei oan it Molenerf yn Bûtenpost in man oppakt fanwege bedriging fan syn eks-frou. De man skopte dêrby ek in skutting om. Doe't de plysje de man oppakke woe, kearden trije famyljeleden fan him har tsjin de plysje. Dy moast pepperspray brûke om se op ôfstân te hâlden.

Uteinlik binne ek sy oppakt troch de plysje. Alle trije famyljeleden komme ek út Bûtenpost.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)