Man bedriget buorlju mei bile

18 okt 2010 - 09:42

In Ljouwerter (26) hat sneintejjûn syn buorlju mei in bile bedrige omdat se fregen oft er de muzyk wat sachter sette woe. Doe't de buorlju by it hûs oanbellen mei it fersyk oft de muzyk minder lûd koe, die de man de doar net iepen. Letter op de jûn die er de doar wol iepen, mar hâlde er in bile omheech en bedrige de buorlju.

De plysje hat de man yn syn wenning oan de Antillenwei oanhâlden. De bourfrou fan 39 jier die oanjefte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)