Man bedriget buorfrou mei mes nei klacht oer hurde muzyk

29 des 2015 - 10:14

In 22-jierrige dronken Ljouwerter hat moandeitenacht syn buorfrou mei in mes bedrige. De frou frege oft de muzyk fan de man wat minder lûd koe. De man, dy't faker foar lûdsoerlêst soarget yn it gebou oan de Pieter Stuyvesantwei, pikte dat net en pakte in grut slachtersmes.

Hy makke meardere kearen stekkende bewegingen nei de búk fan de frou. Dy helle de plysje derby. De Ljouwerter is oanhâlden en it mes yn beslach naam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)