Man bedrige yn Harns

20 aug 2010 - 09:54

De plysje siket tsjûgen fan in bedriging fan in 32-jierrige ynwenner út De Bilt yn Harns. De man waard woansdeitemiddei op de Schritsen mei in fjoerwapen bedrige troch in man (37) út Winaam. De man naaide út mei syn auto. De plysje koe de man letter yn de Wilhelminastrjitte oanhâlde, mar fûn by him yn de auto gjin fjoerwapen.

Wol waard in knipmes, in bile en hard- en softdrugs oantroffen. Dy spullen binne yn beslach naam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)