Man bedrige om parkearen

06 mrt 2008 - 10:40

In 70-jierrige man is woansdeitemiddei op 'e Dorpsvloer yn Drachten bedrige doe't er syn pakesizzer fan skoalle ophelle. Hy parkearde syn auto sawat midden op 'e dyk.

In oare auto koe der net del. De twa ynsittenden stapten út en bedrigen de pake. Ien fan harren sprong sels op 'e motorkap fan 'e auto fan de pake. Doe't de 70-jierrige man syn auto op in oar plak sette, stapten de manlju wer yn harren auto en rieden fuort.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)