Man bedrige mei fjoerwapen

06 jul 2007 - 10:37

In autobestjoerder (47) út Ljouwert is tongersdei mei in fjoerwapen bedrige. De man ried nei Marssum doe't er foar de ôfrit ynhelle waard troch twa manlju yn in BMW. Sy stoppen en diene de alarmljochten oan. De Ljouwerter gong mei syn auto achter it duo stean.

De fertochten stapten út, wêrnei't ien fan har in fjoerwapen tsjin de holle fan de Ljouwerter sette. Nei in koart petear naaiden de fertochten út. De plysje siket tsjûgen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)