Man bedrige mei fjoerwapen

29 aug 2003 - 00:00

De plysje hat tongersdei twa manlju út Ljouwert oanholden om't se in man út Wergea mei in fjoerwapen bedrige hiene. Dat barde oan de Orionwei, ûnder de eagen fan ferskate tsjûgen.

De plysje sette fuortendaliks de buert ôf, mar krige letter de melding dat de manlju yn in auto útnaaid wiene. Op de Anne Vondelingwei koe de plysje se oanhâlde. De fertochten seine dat se in saaklik skeel hiene man de man út Wergea. Sy sitte fêst op it buro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)