Man achterfolget ynbrekkers

24 jan 2009 - 15:01

In man (22) fan De Gordyk is yn de nacht nei sneon ferwûne rekke doe't er de ynbrekkers fan syn auto achterfolge. De man waard tsjin 02.30 oere wekker fan lûd op strjitte. Doe't er nei bûten seach, seach er twa manlju syn auto iepenbrekken.

Se hiene it navigaasjesysteem al yn hannen, mar smieten it fuort doe't se de eigner seagen. De Gordykster koe ien fan de manlju tsjinhâlde, mar krige fan de oar in klap mei in hammer. De manlju naaiden út.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)