Man (93) slim ferwûne nei fal

28 aug 2010 - 13:42

In man (93) út Gytsjerk is freedtejûn yn syn hús by in fal fan 'e trep ferwûne rekke. De man gie nei de doar, omdat der oanbelle waard. Letter die bliken dat it nei alle gedachten beltsjedrukkers west hawwe.

De man bruts de heup en moast yn kritike tastân opnommen wurde yn it sikehûs. De plysje tinkt dat de beltsjedrukkers ek by oare minsken oanbelle ha en freget tsjûgen om kontakt op te nimmen mei de plysje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)