Man (86) mei net mear autoride

21 feb 2008 - 11:02

In man fan 86 jier út Ljouwert is woansdei mei syn auto op fjouwer parkearde auto's klapt. Dat barde op in parkearterrein oan de Borniastrjitte. De man trape op it gaspedaal yn stee fan op 'e rem.

Oer de hage bedarre de bestjoerder mei de auto op it parkearterrein. Dêr rekke er fjouwer auto's. Ferskate fan dy auto's rekken skânsearre rekke. De plysje hat it rydbewiis fan de man yn beslach nommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)