Man (85) swierferwûne nei botsing yn Harns

26 aug 2015 - 16:14

Yn Harns is op de Stasjonswei woansdeitemiddei in 85-jierrige man út Wytmarsum op syn fyts oanriden troch in 43-jierrige automobiliste út Harns. Dat barde op de rotonde mei de Spoarstrjitte.

It slachtoffer rekke troch de klap fan de botsing swier ferwûne. Ut ûndersyk hat bliken dien dat de man op de rydbaan fytste yn stee fan it fytspaad. Hy is mei in ambulânse nei it sikehûs yn Ljouwert brocht. Ferkear op de drokke dyk moast omride.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)