Man (85) ferdrinkt by Burgum

17 maaie 2010 - 17:25
  • De boat dêr't de man mei oan it wurk wie

In 85-jierrige man út Drachten is moandeitemiddei ferdronken yn in boathûs by de Burgumerdaam by Burgum. De man wie oan it wurk oan syn boat en is dêrby fan de steiger yn it wetter fallen.

In oare man, dy't ek op de jachthaven wie, woe de Drachtster groetsje, mar koe him net fine. Hy warskôge de helptsjinsten om't der fan it slimste útgie. Dûkers fan de brânwacht fan Damwâld en de Westerein ha nei de man socht en him dea út it wetter helle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)