Man (83) mei snorfyts oer de kop

19 maaie 2004 - 00:00

In man fan 83 jier is tiisdei ferwûne rekke, doe't er by Tsjerkgaast mei syn snorfyts oer de kop fleach. Dat barde neidat de man op de sutelwei fan de Strjitwei tsjin in izeren tsjil ried, dat op de dyk lei.

It tsjil is neffens de plysje fan in ploech. De man is oerbrocht nei it sikehûs yn Snits. De plysje siket yntusken nei minsken dy't it ûngelok sjoen ha. Dy kinne belje mei de plysje Fryslân op nûmer 0900 - 8844.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)