Man (70) yn wente oerfallen

13 feb 2007 - 10:07
  • Drachten

In 70-jierrige Drachtster is moandeitejûn om sân oere oerfallen yn syn wente oan It Súd. Twa manlju bellen oan en pakten de Drachtster fêst doe't hy iependie. De man waard fêstbûn. De oerfallers pakten jild en hawwe de wenning trochsocht.

It slagge de man los te kommen. Hy is doe nei de buorlju draafd en hat de plysje warskôge. Dy koe de oerfallers net weromfine. Der wurde no getugen socht. Dy kinne belje nei 0900 - 88 44.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)