Man (67) út wetter rêden

01 sep 2014 - 10:10

Omstanners hawwe sneintejûn oan de Wynserdyk yn Easterein in man út it wetter rêden. It slachtoffer, in 67-jierrige man út Wommels, makke op de fyts in útwykmanoeuvre en rekke dêrby yn it wetter. In omwenjende hearde de man om help roppen en hat mei omstanners de man rêden.

Hy is foar kontrôle nei it sikehûs yn Snits brocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)