Man (42) út Appelskea oanholden foar telen himp

18 des 2014 - 10:57
  • Himp

De plysje hat woansdei by in aksje tsjin himpteelt in 42-jierrige man út Appelskea oanholden. Twa auto's en twa djoere horloazjes fan de man binne yn beslach naam. Derneist is der beslach lein op ferskate bankrekkens. Troch in anonime tip kaam de plysje de man op it spoar.

By de aksje binne ferskate gebouwen yn Appelskea en omkriten trochsocht. Derby is twa kilo droege himp en in himpknipperij oantroffen. De 46-jierrige frou fan de Appelskeaster is as fertochte heard.

De plysje fertinkt beiden derfan dat se al langere tiid mei de himpteelt dwaande binne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)