Man (36) út Lutjegast fermist

05 feb 2010 - 20:49

Sûnt woansdei 3 febrewaris wurdt Sikke Wobbes út Lutjegast fermist. De 36-jierrige man is middeis mei syn blauwe bedriuwsauto rjochting it Lauwersmar-gebiet riden. Dêrnei is der neat mear fan de man fernaam.

De plysje siket tsjûgen dy't Wobbes mooglik sjoen ha. De Lutjegaster hat in normaal postuer, hat in snor en is keal oan it wurden. Hy hat mooglik earbellen yn syn linker ear en hie op de dei fan syn fermissing in blauwe spikerbroek oan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)