Man (35) naait út foar plysje

21 apr 2014 - 12:09

In 35-jierrige man út Koatstertille is snein troch de plysje oanholden foar meardere ferkearsoertredingen. De plysje seach de man riden op de Ryksstrjitwei yn Noardburgum en joech in stopteken. De man naaide út mar koe nei in koarte efterfolging oanholden wurde. Op it plysjeburo wegere de man mei te wurkjen oan in alkoholtest. Al rap die bliken dat syn rydbewiis skorst wie.

De man krige proses-ferbaal foar gefaarlik rydgedrach, riden mei drank op, riden sûnder rydbewiis, útnaaien foar de plysje en it wegerjen fan in alkoholtest.

It Iepenbier Ministearje sil him ek noch bûge oer dizze saak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)