Man (29) pakt mei drank op

07 des 2007 - 10:25

Yn Drachten hat de plysje tongersdeitejûn op It Súd in Nij Beetser oanhâlden nei in iensidich ûngelok. De man ferlear de macht oer it stjoer en sloech mei syn buske in pear kear oer de kop. By in blaasproef op it buro die bliken dat de man tefolle dronken hie, hy krige in rydferbod fan tsien oeren.

Syn rydbewiis wie earder al ris ynnaam, dêrom krige hy ek in bekeuring foar it riden sûnder rydbewiis.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)