Man 13 kear oanholden foar riden sûnder rydbewiis

06 jan 2015 - 09:39

In 28-jierrige man út Ljouwert is moandeitejûn foar de trettjinde kear oanhâlden foar it riden sûnder rydbewiis. De man waard mei syn auto oan de kant set yn Boalsert. Al gau die bliken dat de Ljouwerter mei drank op efter it stjoer siet.

De auto is yn beslach naam. De man sit noch fêst om't de plysje him hearre wol oer in oar fergryp.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)